Ekstra wenromte learkrêften

24 jul 2010 - 10:46

Flylân hopet mei it beskikber stellen fan ekstra wenromte it ûnderwiis op it eilân te ferbetterjen. De gemeente tinkt learkrêften foar langere tiid oan de skoallen op it eilân bine te kinnen as der wenromte beskikber is.

Der wiene altyd twa hierhuzen beskikber foar it ûnderwizend personiel. De gemeente docht dêr no in tredde hûs by. Mochten de huzen net mear nedich wêze foar it ûnderwiis dan kin elkenien se hiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)