Drugskontrôle yn Harns

23 jul 2010 - 20:07

De plysje hat freedtemiddei in grutte drugskontrôle hâlden yn de haven fan Harns. Alle passazjiers dy't op de boat nei Flylân of Skylge woene waarden kontroleard. Yn totaal binne der 42 fertochten oanhâlden.

Tsjin seis minderjierrigen en njoggen folwoeksenen is in proses-ferbaal opmakke. Sy hiene sawol soft- as harddrugs by harren. By ien fertochte waarden mar leafst 50 pûdsjes mei softdrugs fûn. De plysje is fan doel faker soksoarte kontrôles te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)