Strjitrôf Ljouwert oplost

23 jul 2010 - 20:03

Twa manlju fan 27 en 20 jier út Ljouwert binne oanhâlden yn ferbân mei in strjitrôf fan 2 juny fan dit jier. In 18-jierrige Ljouwerter is op dy dei berôve fan syn horloazje en mobile tillefoan.

Neffens it slachtoffer hiene hy en de fertochten spul yn it ferkear, wêrnei't er mishannele en berôve waard. Beide fertochten ha yntusken bekend dat se de Ljouwerter berôve ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)