Twa himpkwekerijen fûn

De plysje hat woansdei oan de Hidalgowei yn Ljouwert in himpkwekerij ûntmantele. De plysje wie de kwekerij op it spoar kaam nei anonime tips. Yn de loads stiene goed 480 plantsjes. In 24-jierrige Ljouwerter dy't mooglik by de kwekerij belutsen is koe letter oanhâlden wurde.
Op freedtemoarn fûn de plysje by tafal nochris 17 himpplanten. Dizze stiene yn in tún yn Drachten. Efter in skutting waarden 11 planten fûn, 6 oaren stiene yn potsjes yn de tún.