Anne Tjerkstra op 'Langwar'

Anne Tjerkstra oan board fan it skûtsje fan Langwar (foto: Martin de Jong)
Ald-skipper Anne Tjerkstra is werom op it Langwarder skûtsje. Hy is troch de nije skipper Ulbe Brandsma frege om advys te jaan. Tjerkstra hat jierrenlang besocht heech yn it klassemint te einigjen. Dat slagge net om't it skûtsje net rap genôch wie.
Dit jier is dat mooglik oars. Langwar hat it skûtsje Ut de striid fan Jacob Huisman kocht. Earder ien fan de fluchste skûtsjes by de IFKS. Ferline jier wie Tjerkstra adviseur op it Grouster skûtsje dat as earste einige.