Twa debutanten by SKS

23 jul 2010 - 15:05

Twa debutearjende skippers dit jier by it SKS-skûtsjesilen. It binne Ulbe Brandsma op Langwar en Jacob Zwerver op De Heale Moanne fan Drachten. Fan sneon ôf kinne de beide nijelingen sjen litte wat se kinne.

De Heale Moanne fan Zwerver leit der tiptop by, mar de Út 'e Striid fan Brandsma wurdt noch oan sleutele. Oan it eardere IFKS kampioensskûtsje is in protte feroare. De wedstriidgyk moat bygelyks noch komme. Swurden binne der wol, liend fan Douwe Visser fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)