Termyn beswieren REC foarby

23 jul 2010 - 14:24

De termyn wêryn't minsken beswier meitsje kinne tsjin de oanfraach fan de nije miljeufergunning foar de ôffaloven yn Harns is foarby. Minsken hiene oant en mei tongersdei de tiid om dat te dwaan. Der binne seker sân beswieren binnenkommen fan ûnder mear De Stichting Afvaloven Nee, de gemeente Harns en de Waadferiening.

De provinsje sil de beswieren behannelje en besjocht oft se de fergunning ôfjaan sille. Hoe lang dat duorret is ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)