Nije opset skûtsjepool Omrop

23 jul 2010 - 11:43

De skûtsjepool fan Omrop Fryslân hat dit jier in nije opset. Nij yn de opset fan dit jier is dat der njonken deiprizen ek in haadpriis te fertsjinjen falt foar dyjinge dy't it faakst de deiwinner goed foarseit. Dy haadpriis mei der wêze, want it giet om in iPad.

Leafhawwers kinne harren op www.simmerynfryslan.nl oanmelde foar de skûtsjepool. De skûtsjepool wurdt meikoarten folge troch in PC pool en in pool foar it FK fierljeppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)