Friesland Bank leger wurdearre

23 jul 2010 - 11:20

In ôffaller foar de Friesland Bank. De bank hat fan kredytbeoardieler Moody's in legere wurdearring krigen. Dat hat te krijen mei de ekonomyske krisis fan it momint. De beoardieler ferwachtet dat de winst by de Friesland Bank de kommende jierren achter bliuwe sil.

Anne Vlaskamp fan de Ried fan Bestjoer fan de Friesland Bank is net wiis mei de minne beoardieling. Hy seit dat de klanten der neat fan fernimme sille. Ek foar de bank sels ferwachtet Vlaskamp gjin problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)