Jouster gokkasten leechhelle
Op 'e Jouwer is tongersdeitenacht ynbrutsen by twa hoarekagelegenheden. Oan de Appeldyk waarden twa gokkasten leechhelle.
Yn de saak oan it Douwe Egbertsplein waard dyselde nacht ek ynbrutsen. De gokkasten en in tal oare kasten wiene iepenbrutsen. Wat der krekt stellen is, is noch net bekend.