Burgernetaksje De Lemmer

23 jul 2010 - 10:03

Op 'e Lemmer wie tongersdei de earste burgernetaksje. De plysje skeakele de help fan 118 dielnimmers oan burgernet yn om in winkeldief op te spoaren. De man hie in stel slippers stellen, by in achterfolging troch in meiwurker moast er syn fyts achter litte.

Meardere minsken joegen ynformaasje troch oan burgernet. Op de Langestreek hold de plysje in man steande dy't oan it sinjalemint foldie. Lykwols joech de winkelmeiwurker oan dat it net de dief wie. De echte dief is net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)