Man mei staaf mishannele

23 jul 2010 - 09:53

In 36-jierrige man út Ljouwert is tongersdei oan De Zak yn syn wenplak mishannele. Hy waard troch in noch ûnbekende man oanfallen mei in izeren staaf. Nei de mishanneling stapte de dieder yn in Honda Civic en naaide mei twa oaren út.

Der wie in goed sinjalemint en der waard in burgernetaksje op tou set. Nei oanlieding fan dy aksje kamen in soad tips binnen, mar waard gjin oanhâlding dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)