Hepie op Amerikaanske CD

22 jul 2010 - 21:07

Countrysjongeres Hepie Koelstra fan Twizelerheide stiet op it punt troch te brekken yn Amearika. Har nûmer 'mi vida loca' stiet op in CD dy't útjûn is troch in platelabel yn de country bakermat Tennessee. Dy CD wurdt nei alle country-DJ's oer de hiele wrâld stjoerd.

It idee kaam fan Albert de Vries dy't in countryprogramma hat by radio Noordoost Friesland. Hy hie sûnder meiwitten fan Hepie it nûmer opstjoerd nei Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)