Promoasjeteam op PC nacht

22 jul 2010 - 18:17

In promoasjeteam fan 'Responsible Young Drivers' sil oanwêzich wêze op de PC-nacht yn Frjentsjer.

De meiwurkers sprekke de jongeren oan en freegje harren in bestjoerder te kiezen dy't nuchter bliuwe sil. Dy persoan krijt dan in earmbantsje. Oan de ein fan de jûn kin hy of sy dan frijwillich in alkohol- of drugstest dwaan. As dan bliken docht dat der neat dronken is dan krijt dyjinge in t-shirt mei de tekst: Nuchtere Fries. De PC-nacht is op 3 augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)