Sloop Goederenbank begjint

22 jul 2010 - 17:51

De sloop fan it ôfbaarnde gebou fan 'e Goederenbank yn Ljouwert begjint freed. Yn it gebou oan 'e Brandemeer is ek asbest oantroffen. In spesjalisearre bedriuw sil it derút helje. Omwenners hawwe dêr fan 'e gemeente in brief oer krigen.

Yn 'e nacht fan moandei op tiisdei baarnde de Goederenbank folslein ôf. Der is doe ek sjoen oft der gefaarlike stoffen frijkaam binne. Dat wie net sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)