Warskôging foar ferkeapers ark

De plysje warskôget foar Ieren dy't ark ferkeapje, lykas aggregaten. De manlju sizze dat se wat oer hawwe fan in beurs en wolle dat oan 'e doar ferkeapje. It giet om ark fan strieminne kwaliteit. De groep biedt ek oan terrassen skjin te meitsjen dêr't dan grouwe rekkens op folgje.
De Ieren binne rûnom yn Fryslân aktyf. De plysje hat meldings krige út Boalsert, Wergea en Burgum. Wat de groep docht is net yllegaal, mar dochs warskôget de plysje.