Drokte foar wespebestriding

22 jul 2010 - 16:50
  • Foto: Omrop Fryslân

De bestriders fan Omrin ha it dizze simmer drok mei ealjebijen. Der binne folle mear wespen as oare jierren. Foardat se yn augustus echt lestich begjinne te wurden, is it no tiid foar aksje. De nêsten binne takom moanne folgroeid. Dan komme de ynsekten wer ôf op swiete luchtsjes. De trije bestriders fan Omrin behannelje no al 25 gefallen deis.

Trije jier ferlyn wie it troch froast yn april in stik minder mei de eajebijen. No is dat wer oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)