Undersyk nei skipswrakken

22 jul 2010 - 16:25
  • Foto: Omrop Fryslân

Der komt in ûndersyk nei twa skipswrakken op it Waad. Dat wurdt dien omdat der de kommende jierren in spuislûs yn 'e Ofslútdyk oanlein wurdt. Yn 'e takomst moat dêr it oerstallige wetter troch fuortrinne.

As de spuislûs der ien kear leit, komt dêr safolle wetter út, dat dat gefolgen hawwe kin foar de twa skipswrakken. Dêrom wurdt no earst besjoen oft se archeologysk weardefol binne. De spuislûs yn 'e Ofslútdyk moat yn 2016 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)