Haïtyaantsjes út hûs pleatst

22 jul 2010 - 16:05

Buro Jeugdsoarch Fryslân mei twa adopsjebern út Haïty út hûs pleatse. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaald. De âlden fan 'e bern lizze yn skieding en de adopsjeproseduere is noch net offisjeel dien. De bern kamen begjin dit jier mei foarrang nei Fryslân ta nei de ierdbeving yn Haïty. De mem besocht mei de saak foar te kommen dat de bern fuorthelle wurde. It gerjochtshôf hat har gjin gelyk jûn. Foar de bern wurdt no in oare adopsjefamylje socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)