Besikerssintrum fernijd

It besikerssintrum fan de Alde Feanen yn Earnewâld is fernijd. It hiele gebou is opnij ynrjochte. Der stiet in fûgelhutte en der hingje skerms foar koarte films. It doel is mear bern foar de natuer te ynteressearjen.
It gebou hie in rekreaasjefunksje foar it neistlizzende fakânsjepark, mei in swimbad derby. Mar dat rûn net. Der is yn 'e nije opset ek in nachtexperience dêr't ien ûnderfine kin hoe't it is om nei motorpech in nacht yn 'e natuer trochbringe te moatten.