Gigantyske iel rikke

22 jul 2010 - 14:59
  • Foto's: Omrop Fryslân

Yn Hylpen is tongersdei in see-iel fan 1.40 meter lang en 9 kilo swier rikke. Hy waard oanfierd op 'e ôfslach fan Lauwerseach en gie dêrnei nei Hylpen. Op ynternet sykjend is de grutste iel 1.33 meter lang en 7 kilo swier.

Foar Iselmarfisker Pieter Bootsma wie it in útdaging om de gigantyske iel te rikjen. Op de rikkast kaam in opsetstik om it bist deryn hingje te kinnen. It duorre ek langer foar't er klear wie: no fiif oeren. De iel wurdt optsjinne yn in restaurant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)