Fjirtich airbags stellen
De plysje ûndersiket de stellerij fan fjirtich airbags by in garaazjebedriuw yn Wurdum. Dat barde yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei. De airbags waarden fuorthelle út 32 auto's. By it iepenbrekken fan de auto's is grutte skea ûntstien.
De plysje hat spoare-ûndersyk en buertûndersyk dien. Dat hat noch gjin dieder of dieders opsmiten.