Utwreiding museum op 'e Jouwer

It museum foar ambachten op 'e Jouwer hat der in nij gebou bykrige. It hjit It Sael. It museum siet hiel krap yn de romte. It nije plak is in âlde koperjitterij dy't folslein opknapt is. It is noch net bekend wat der tentoansteld wurde sil.
De bedoeling is dat yn it gebou boppedat in wurkromte komt foar in startende ambachtsman of -frou. Nei alle gedachten sil it nije part fan it museum op 1 oktober offisjeel iepene wurde.