It Amelân: trije bekentenissen

Trije dieders hawwe oant no ta bekend yn de misbrûksaak fan Dútske bern op It Amelân. Yn in kampearbuorkerij yn Bueren soene seis bern seksueel misbrûkt wêze. Dat soe dien wêze op in sliepseal mei kolaflessen en oare foarwerpen. De dieders binne gruttere bern dy't dêr ek sliepten. Fan de fjirtich bern binne no 25 heard, mar in soad binne noch op fakânsje.
De Dútske plysje sil op It Amelân filmopnamen meitsje om in goed byld te krijen fan 'e omstannichheden.