Mishanneling by Gerjochtshôf

It Gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
In 20-jierrige Ljouwerter is woansdeitenacht yn it gesicht skopt. De man siet mei in freon op de treppen fan it gerjochtsgebou oan it Saailân te praten. De 20-jierrige man krige samar in traap fan in foarbygonger. De plysje hat tsjûgeferklearrings opnaam.
Doe't it slachtoffer troch ambulânsepersoniel holpen waard kaam de fertochte by de ambulânse te sjen. Hy bekende de mishanneling en waard herkend troch in tsjûge. De man is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.