Wenningbrân yn De Triemen

22 jul 2010 - 10:19

De plysje ûndersiket de brân dy't der yn de nacht fan woansdei op tongersdei wie yn in hûs oan De Dolle yn De Triemen. De frou en har trije bern dy't yn it hûs wiene koene der op tiid útkomme. Omdat de brânwacht it fjoer gaû ûnder kontrôle hie bleau de skea beheind.

Der wurdt no besjoen wat de oarsaak fan de brân west hat. De technyske resjerzje hat dêrta de wenning en syn omjouwing ôfset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)