550 reaksjes op wynmûneparken

12 nov 2012 - 12:20
  • Wynturbine

De provinsje hat 550 reaksjes krige op de plannen foar trije wynmûneparken yn Fryslân. Hast 490 dêrfan komt fan partikulieren, de rest fan doarpsbelangen dy't tsjin de plannen binne. Dêrneist waard fia ynternet de petysje 'Help, ze verpesten onze omgeving' likernôch 1800 kear ûndertekene.

De provinsje wol trije nije wynmûneparken bouwe: ien oan de A7 by It Hearrenfean, ien by de Ofslútdyk yn 'e Iselmar en ien op 'e kop fan de Ofslútdyk, yn de trijehoeke Harns, Boalsert, Makkum. Benammen dat lêstneamde plak smyt in soad ferset op.

De provinsje giet yn in reaksjenota yn op alle beswieren. De nota wurdt meinaam yn de definitive beslútfoarming troch deputearre steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)