55 miljoen yn plak fan spoar

11 sep 2012 - 12:53

Boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân rekkenje derop dat de gemeente 55 miljoen euro fan de provinsje krijt om de ekonomyske ûntwikkeling fan 'de stêd Drachten' te stimulearjen. B. en w. rekkenje op it jild as kompensaasje foar it net trochgean fan de spoarline It Hearrenfean-Drachten-Grins.

It kolleezje wol it jild ynsette foar it sintrum, foar de eastlike tagongspoarte fan it Fryske Marregebiet, it learpark en it ynnovaasjekluster. De gemeente Smellingerlân is ree om sels 20 miljoen euro yn de plannen te stekken.

Neffens wethâlder Nieske Ketelaar binne de plannen ûntwikkele as alternatyf foar it gefal dat de spoarline definityf net trochgiet. De gemeente Smellingerlân wol sels noch hieltiten stommegraach dat Drachten wol in spoarferbining krijt. Wethâlder Ketelaar hat der alle betrouwen yn dat de provinsje de alternative plannen stypje sil yn it gefal dat de spoarline der net komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)