Famke lêstich fallen

22 jul 2010 - 10:15

De plysje siket twa jonges dy't moandeitejûn in famke lêstich fallen hawwe op it busstasjon fan It Hearrenfean. It famke (17) siet te wachtsjen doe't der twa jonges oan beide kanten fan har sitten gongen. De iene pakte har beet wylst de oare oan har begûn te sitten. Doe't it famke besocht fuort te kommen lutsen se har oan har hier wer werom.

Pas doe't in foarbygonger yngrypte hâlden de jonges op. De plysje wol ek graach dat tsjûgen har melde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)