Fertraging projekt Stasjonswei

De Stasjonswei yn Drachten
De rekonstruksje fan de Stasjonswei yn Drachten rint goed seis moanne fertraging op. Dat komt om't der âlde gasliedingen fan getten izer ûnder de strjitte fûn binne.
De âlde liedingen lizze yn in asbestsemint en moatte dêrom ferfongen wurde. Om't de gasliedingen it djipst lizze moatte nei alle gedachten ek oare kabels en liedingen ferfongen wurde. Netbehearder Liander hat sa'n seis moanne nedich om it trajekt klear te krijen.