Mear nije bedriuwen

21 jul 2010 - 20:00

It tal minsken dat in bedriuw begjint nimt wer ta. Yn it earste healjier ha 5400 ûndernimmers de stap makke. Dat is fiif persint mear as yn deselde perioade ferline jier. It giet benammen om ienmanssaken.

Neffens Wim de Kleuver fan de Keamer fan Keaphannel binne dat foar it grutste part minsken dy't ûntslach krigen ha. De Kleuver seit dat de sifers oanjouwe dat de ekonomy stadichoan wer wat op gong komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)