Kamplieding skokt oer misbrûk

21 jul 2010 - 14:37

De Dútske sportferiening is skokt oer it nijs fan it misbrûk. In pear wiken lyn binne 6 Dútske jonges misbrûkt op It Amelân. De Stadsportbund Osnabrück wie mei 170 bern en 60 begelieders op it eilân foar in kamp. Se sliepten yn kampearbuorkerij De Zilvermeeuw yn Bueren. Yn in sliepseal misbrûkte in groepke jonges de oare jonges.

Direkteur Wellmann fan de Stadtsportbund kin net leauwe dat bern elkoar dit oandogge. Der binne acht fertochten en dy ha allegear bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)