Jacht mei wapen oantroffen

21 jul 2010 - 14:16

De maresjesee en de dûane ha in automatysk fjoerwapen yn beslach naam op in jacht dat foar anker lei tusken Skylge en Flylân. De ynstânsjes wiene it Amerikaanske jacht tsjinkaam by in kontrôle tiisdeitenacht.

Neist it automatysk fjoerwapen waarden ek munysje en in fizier yn beslach naam. Neffens de eigner wie er ûnderweis nei Azië en hie er it wapen by him as ferdigening tsjin piraten. De man is nei it beteljen fan 1200 euro wer frijlitten en fierder fearn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)