Beswier soarchkompleks ôfwiisd

© Omrop Fryslân
It beswier tsjin in wensoarchkompleks yn it eardere gebou fan Grut Lankum yn Frjentsjer is ôfwiisd. Omwenners binne benaud dat it foar ferkearsoerlêst soarget yn de wyk. Ek binne se benaud foar parkearoerlêst.
Se tekenen dêrom beswier oan tsjin de komst fan it wensoarchkompleks by de Raad van State. Dy fynt dat der genôch oantoand is der gjin oerlêst komme sil.