Ferkear Snits paad bjuster

21 jul 2010 - 10:57

Winkellju yn Snits ferlieze har geduld mei de minne paadwizers yn de stêd. Troch de feroaringen oan de rûnwei is de ferkearssitewaasje feroare. Op in tal plakken is ûndúdlik hoe't it ferkear ride moat.

Oan de kant fan Ljouwert binne paadwizers nei De Jouwer ôfplakt, wylst it ferkear der wer lâns kin. In soad minsken ride no dwers troch de stêd, dêr't ek de brêgen faak iepen binne. As it net gau febetteret, wol de sakeklup de buorden sels oanpasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)