Kettingbotsing by Kollum

Op de Willem Loréwei by Kollum binne tiisdeitemiddei seis auto's op inoar botst. De kettingbotsing ûntstie trochdat de foarste auto ynienen ôfremje moast. De belutsen auto's rieden oer de parallelwei fan de Lauwersseewei om't dy ôfsletten is fanwege wurksumheden.
Ien fan de bestjoerders moast ynienen ôfremje en doe fleagen de oare fiif der achter op. Ien fan automobilisten rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Drachten brocht.