Vandenbussche: gau operaasje

21 jul 2010 - 09:51

Brian Vandenbussche wol binnen no en fjirtjin dagen opereard wurde oan de knibbel. De doelman fan SC Hearrenfean rekke ôfrûne tongersdei, op de lêste dei fan it trainingskamp op Skylge blessearre.

Fjouwer dagen letter die bliken dat de krúsbân fan syn linkerknibbel ôfskuord is. Dêrtroch mist de Belgyske doelman sawat it hiele seizoen. Hy is minimaal seis moannen út de rûlaasje. De doelman is swier oanslein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)