Seksueel misbrûk op It Amelân

21 jul 2010 - 09:14

Seis Dútske jonges fan 13 jier binne in skoft lyn op in simmerkamp op It Amelân mishannele en mooglik seksueel misbrûkt. It giet om in fakânsjekamp fan sportorganisaasje 'Stadtsportbund' fan Osnabrück.

In groep fan 170 bern út Osnabrück siet yn kampearbuorkerij De Zilvermeeuw op Bueren. De seis jonges soene mei kolaflessen by de geslachtsdielen oantaast wêze yn in sliepseal troch acht oare bern dy't mei op kamp wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)