Hannes Scherjon wint De Jouwer

20 jul 2010 - 22:14
  • Hannes Scherjon (argyffoto: Martin de Jong)

Hannes Scherjon ljepte tiisdeitejûn op 'e Jouwer yn syn lêste sprong 19 meter en 71 sentimeter. Foar de Noardburgumer smiet dat syn tredde deititel fan it seizoen op. De ôfstân wie like fier as it skânsrekôr fan Bart Helmholt fan maaie dit jier.

Age Hulder, sûnt sneon de hâlder fan it Nederlânsk en Frysk rekôr (18.96), wûn by de jonges mei in skânsrekôr: 17.75. Grytsje Abma wûn mei in pr fan 14.12 by de froulju, Albert-Jan Venema wie mei 17.80 de bêste junior.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)