Bas Dost makket debút

20 jul 2010 - 22:10
  • Bas Dost (foto: SC Hearrenfean)

Bas Dost hat syn debút makke foar SC Hearrenfean yn de oefenwedstriid tsjin it Turkske Istanbul BB. De oanfaller hat allinnich de earste tweintich minuten fan de twadde helte meidien. Dost is sa goed as hersteld fan in ljiskblessuere, mar Hearrenfean wol gjin inkel risiko mei him nimme.

Hearrenfean kaam nei 21 minuten op efterstân troch in doelpunt fan de Sweed Holmen. Noch foar it skoft soarge Oussama Assaidi foar de 1-1 einstân yn Bûtenpost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)