Foksejacht Flylân stillein

20 jul 2010 - 14:36
  • Foto: Kees Mostert

Der wurdt net mear jage op de foksen fan Flylân. De strikken binne fuorthelle en de jagers sitte op it stuit ek net mear achter de foksen oan. Der binne njoggen foksen fongen sûnt ferline simmer. De boskwachters tinke dat der noch mar ien foks oerbleaun is.

Sûnt jannewaris is der net ien mear fongen, mar de strikken moatte alle dagen wol twa kear kontroleard wurde. Yn septimber besjogge Staatsbosbeheer en gemeente oft der opnij jage wurde sil

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)