Protest tsjin wynmûnepark Urk

Foto: Omrop Fryslân
De Waadferiening fynt dat it Ryk gjin wynmûneparken yn 'e Noardeastpolder bouwe moat. It Ryk wol foar de kust by Urk fjouwer wynmûneparken delsette. Natuerorganisaasjes tekenje dêr protest tsjin oan.
Der is by de wynmûneparken te min sjoen nei it effekt op 'e natuer. De draaiende turbines binne net goed foar fûgels. Dy fleane der tsjinoan of se moatte in hiel ein omfleane as se der del wolle.