Elkien praat mei Wielepôle

20 jul 2010 - 12:08

Wenningkorporaasje Elkien sil mei bewenners fan de Ljouwerter wyk Wielepôle prate oer hûstawizings. Bewenners kreakje leechsteande huzen, omdat se fine dat huzen te faak ferhierd wurde oan minsken dy't gjin bân mei de wyk hawwe.

Elkien seit dat elk deselde kânsen hat in hûs te krijen. Minsken dy't in hûs sykje, bepale sels wêr't se komme te wenjen. Inkeld by in medyske urginsje of by in kalamiteit hat Elkien der wat oer te sizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)