Crossmotor stellen yn Drachten
By in ynbraak yn Drachten is ûnder oare in crossmotor stellen. De bewenners fan in hûs oan de Feanskieding ûntdutsen dat doe't se weromkamen fan fakânsje. De motor wie op slot set mei twa kabelslotten. De dieven namen ek twa LCD-tillevyzjes en sieraden mei.
De plysje siket tsjûgen dy't de motor de lêste tiid sjoen hawwe of dy't witte wêr't de motor is.