Oername pjutteplakken

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Snits wol witte wat de gefolgen binne fan 'e oername fan twa pjutteboartersplakken yn 'e gemeente. De Rinkelbel en De Krobbedobbe binne troch de stichting Timpaan oerdien oan de Grouster stifting SISA.
Timpaan kin de plakken net iepenhâlde, om't de gemeentlike subsydsje te leech is. Liedsters dy't net troch SISA oannaam binne, moatte no earne oars by Timpaan oan it wurk of se moatte fuort. De PvdA wol witte wat dat foar âlden en pjutten betsjut.