Haven hâldt lieding op WK

© Omrop Fryslân
Stjoerman Hidde-Jan Haven fan Snits bliuwt ek nei de twadde dei oan de lieding op it WK Yngling. Op it wetter by Lelystêd waard er mei syn bemanning Don van Arem en Miguel Karsters in kear njoggende, sechsde en earste. Regearend kampioen Tom Otte, ek fan Snits, sylde mei Sander Oost en Jan Deen nei in twadde, tsiende en tredde plak.
Yn de tuskenstân hat Haven ien punt foarsprong op Otte. Fries om utens Gert Roukema stiet tredde.