Promoasje fan it Waad

It Nederlânske en Dútske Waad wurdt kommende jierren flink promoate. Foar 100.000 euro wurdt it Waad ûnder de oandacht brocht by toeristen. It jild komt fan lanlike en regionale oerheden en toeristyske organisaasjes. Foarich jier waard bekend dat It Waad in plakje krigen hat op de Wrâlderfgoedlist. De hoop is dat it in soad ekstra toeristen opsmite sil.
De kampanje duorret fiif jier. Fan 't hjerst sil der in grut evenemint plakfine op ferskate plakken op It Waad.