Soargen om Jabikskrûd

It is dizze wiken wer de tiid fan it giftige Jabikskrûd. De moaie giele blommen steane yn in protte bermen en greiden yn bloei. It plantsje soarget foar in protte kopsoargen. As bisten it ite kinne se slim siik wurde of sels deagean. In protte bistehâlders en natuerorganisaasjes moatte dus mei it plantsje rekken hâlde.
Steatsboskbehear hat der ek flinke skea fan. Trochdat se har meand guod net ferkeapje kinne, rinne se dizze wiken inkele tûzenen euro's mis.