Famke Frjentsjer wer teplak

Samira net langer fermist
It 17-jierrige famke Samira, dat sûnt ferline wike fermist waard, is teplak. Se útfanhûzet op in adres yn Frjentsjer en is fan hûs fuortrûn.
Har mem sloech alarm omdat har dochter net mear thúskaam wie neidat se wurden hân hiene. Se wie bang dat har dochter yn ferkearde hannen fallen wie, mar bliken docht dat dat net it gefal is. It famke makket it goed, seit de plysje.