Vandenbussche skuort krúsbân

Vandenbussche moannen út rûlaasje
SC Hearrenfean doelman Brian Vandenbussche hat ôfrûne tongersdei mei it trainingskamp op Skylge de foarste krúsbân fan syn linkerknibbel skuord. Yn earste ynstânsje wie net dúdlik hoe slim as de blessuere wie. "Maandag is de diagnose in het ziekenhuis gesteld. Binnenkort zal Brian moeten worden geopereerd", sa seit kluparts Bram Bessem.
Vandenbussche sil tusken de seis en njoggen moannen út de rûlaasje wêze.